De Emigrant spilet op 14 januari in Dorpshuis Ien en Mien.

“My whole life homesick, noait wer werom west.”

De Emigrant komt nei 10 jier werom! Ta eare fan it jubileum fan Pier21 wurdt De Emigrant opnij ferteld, nei it orizjinele ferhaal fan Romke Toering, no regissearre troch Jos Thie. Mei Freark Smink, Theo Smedes en Amin Ait Bihi.

De Emigrant giet op 27 oktober 2023 yn premjêre en is dêrnei rûnom yn Fryslân te sjen. De foarstelling spilet op 14 januari 15:00 uur in Dorpshuis Ien en Mien.

Mis it net!

Oer de foarstelling De Emigrant

De foarstelling fertelt it ferhaal fan Sybolt de Haas, in Fryske emigrant dy ’t 50 jier lyn alleryl de oseaan oerstuts nei Kanada. Hy hat it as emigrant net maklik hân. Mar it is him slagge om in aardich grut en goedrinnend boerebedriuw op te bouwen.